'Stappen tsjin Wijnschenk'
It lanlik bestjoer fan de LPF moat stappen ûndernimme tsjin âld-fraksjefoarsitter Harry Wijnschenk. Dat seit foarsitter Johan Wiersma fan de LPF yn Fryslân.
Wijnschenk sei woansdei by Barend en Van Dorp dat der rjochts-ekstremisten aktyf binne binnen de LPF-Fryslân. Ien fan dy leden soe Johan Wiersma wêze. Wiersma ûntkent dy beskuldigingen.