Snertaksje yn Burgum giet oer

© Omrop Fryslân
De aktiviteiten fan âlderein yn fersoargingstehûs Berchhiem yn Burgum steane faai. Dat is it gefolch fan it net trochgean fan de snertaksje fan de stifting Freonen fan Berchhiem.
It jild dat mei de aksje ophelle wurdt, wurdt brûkt foar de aktiviteiten. Neffens de stifting is de snert te djoer wurden troch de ynfiering fan de euro. Se wolle no in oare aksje hâlde.