Stipe restauraasje oargel Warkum
It monumintale Adema-oargel yn de Sint Werenfridustsjerke yn Warkum wurdt opknapt. It Prins Bernhard Kultuerfûns hat 11.000 euro beskikber steld. In eardere subsydzje-oanfraach smiet gjin jild op.
De restauraasje fan it ynstrumint kostet hast in kwart miljoen euro. Adema yn Amsterdam, de oarspronklike bouwer, fiert de restauraasje út.