Dochs studinten yn Lienward
De húsfesting fan 80 ynternasjonale studinten yn it eardere gebou fan it Lienward College oan de Kanaalstjitte yn Ljouwert is net tsjin te hâlden. Dat hat de gemeente Ljouwert de omwenners yn in brief wite litten.
De gemeente hat juridysk sjoen gjin mooglikheid om de komst fan de studinten te kearen. De omwenners binne benaud foar oerlêst fan de studinten.