Nij bestjoerslid Kuno van Dijk
De ried fan bestjoer fan de Kuno van Dijkstichting is útwreide mei psychiater Jakob Hartman. Hartman sil him de helte fan de tiid ynsette as lid fan it bestjoer fan de eardere ferslavingssoarch.
De oare helte wurket er as psychiater foar dizze ynstelling. Hy sil besykje om gearwurking mei oare partners yn de soarch, lykas de GGZ ta stân te bringen.