Wurknimmers DVC bot skrokken

15 okt 2002 - 00:00

Wurknimmers fan de Dokkumer flaggesintrale binne bot skrokken fan de reorganisaasjeplannen dy't de direksje trochfiere wol. Dêrby krije 40 fan de 145 wurknimmers dien. It giet benammen om produksjemeiwurkers.

Moandei waard it personiel op de hichte brocht fan de reorganisaasje troch direkteur Hageman. Pas oer twa wiken wurdt dúdlik wa't fuort moat en wa net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)