Indoor Friesland set út ein

© Omrop Fryslân
Indoor Friesland is moandei yn it FEC yn Ljouwert út ein set. Tiisdei hat it hynstesportevenemint in oanpast programma yn ferbân mei it ferstjerren fan prins Claus. Freed is it programma om dy reden oergien.
De kommende dagen giet it evenemint gewoan troch. Der binne dan ûnder mear demonstraasjes dressuer en marathon, shows en springen te sjen.