Bijman: WVG-ferfier by provinsje

14 okt 2002 - 00:00

It ferfier foar handikapten en âlderein moat ûnder ferantwurdlikens fan 'e provinsje falle, fynt deputearre Bijman. No wurdt WVG-ferfier noch troch de gemeenten regele.

Mei iepenbiere oanbesteging moatte se in bedriuw fine dat sok ferfier goed útfiert en dat smyt wolris problemen op. Bijman wol mei minister De Boer fan ferkear oerlizze oer de feroaring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)