De Jouwer ferliest fan Grins

© Omrop Fryslân
Yn 'e earste klasse F kaam De Jouwer snein út tsjin Be Quick Grins. De Jousters ferlearen op eigen terrein mei 1-0 fan 'e Grinzers. Beide ploegen stiene boppe-oan op 'e ranglist. Kwa doelsaldo stie De Jouwer sels noch wat heger. It wie it earste ferlies fan De Jouwer op it kompleks.
De útslaggen fan de oare Fryske clubs: Wolvegea-Snits 0-3 en SVBO-FVC 4-0.