Brune Float sylt Brandaris Race

© Omrop Fryslân
De Brune Float fan Harns slút takom wykein it seizoen ôf mei de Brandaris Race. Fyftich klassike charterskippen farre om it hurdst om de haven fan West op Skylge te berikken.
De race waard njoggen jier ferlyn yn it libben roppen by it 400-jierrich bestean fan fjoertoer De Brandaris. De winner fan ferline jier die der goed 2 oeren oer om op Skylge te kommen.