Provosearjend pisje

13 okt 2002 - 00:00

In 24-jierrige ynwenner fan De Lemmer die sneontenacht gjin war om syn hege need te ferbergjen. Hy stie lyk foar de plysjes oer te pisjen. Doe't se him in boete jaan woene, wegere er syn namme te sizzen en naaide er út. Syn maten holpen him dêrby.

Uteinlik koe de Lemster dochs oanhâlden wurde. Op it plysjeburo krige er in proses-ferbaal en mocht dêrnei nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)