Kampanje meldpunt Mishanneling

13 okt 2002 - 00:00

It Meldpunt Bernemishanneling yn Ljouwert hâldt ein 2003 in grutte provinsjale kampanje. Seis wike lang wurdt besocht de ynstelling bekender te meitsjen by it publyk. Soks bart mei help fan advertinsjes, struibrieven en spotsjes op 'e televyzje.

Nei ferwachting sil it tal meldings tanimme. De organisaasje is noch yn petear mei de provinsje foar help.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)