Undersyk nei seehûnefirus

12 okt 2002 - 00:00

Undersikers binne sneon yn Grins út ein set mei de seksje op 1100 deade seehûnen. Se hoopje út te finen of de massale seehûnestjerte fan de lêste moannen allinnich it gefolch is fan it distemperfirus.

De kâns bestiet dat ek fersmoarging in rol spilet by de stjerte fan de seehûnen. De earste resultaten fan de seksje wurde oer tsien dagen ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)