Warskôging fan Noorderbreedte

© Omrop Fryslân
Soarchgroep Noorderbreedte warskôget it personiel foar malafide bedriuwen dy't advertinsjes besykje te ferkeapjen. Oan de telefoan jouwe de ferkeapers de yndruk dat der ôfspraken makke binne foar in advertinsje yn in bedriuwsgids.
Dêrnei stjoert it bedriuw in faks mei in soad lytse letterkes. Wa't dat tekent, jout dêrmei in opdracht dy't tusken de 1600 en 3600 euro kostet.