Waadsee 'bysûnder kwetsber'
De Waadsee hat de status krigen fan 'bysûnder kwetsber seegebiet'. Dat is dizze moanne yn Londen ôfpraat mei it IMO, in organisaasje fan de Verenigde Naties dy't de ynternasjonale skipfeart regelet.
De organisaasje erkent dêrmei it Waad as unyk natoergebiet op wrâldskaal. Foar de skipfeart moat dit in sinjaal wêze om goed mei it Waad om te gean.