Pieter Weening net yn de prizen
Pieter Weening fan De Harkema is der net yn slagge yn de prizen te fallen op it WK hurdfytsen yn Zolder, België. De Harekyt einige by de neo-amateurs yn de massaspurt yn it peloton.
Syn ploechmaat Hans Dekkers waard twadde, mar de sjeury naam him de priis wer ôf omdat hy 'skuldich' wêze soe oan in falpartij. De Italjaan Francesco Kiki wûn.