'Skeafergoeding brúnrotmisser'

10 okt 2002 - 00:00

Boer Durk van der Zee yn Tsjummearum moat skeafergoeding krije foar de brúnrotaffêre yn Frankryk. Dat fynt de fakgroep foar bouboeren fan boere-organisaasje NLTO.

De Plantekundige Tsjinst hie it bedriuw op slot set, nei berjochten oer brûnrot by in partij eksportsetters. Letter die bliken dat de sertifikaten ferwiksele wiene. De boer sit no wol mei skea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)