Twa koprinders by FK damjen
Yn 'e achtste omgong fan it Frysk kampioenskip damjen hat Tjalling Goedemoed wûn fan Sietse Nagel. De oare partijen einigen yn remize.
Der binne no twa koprinders: Tjalling Goedemoed en Foeke Tiemersma. Beide dammers hawwe elk 18 punten. Sietse Nagel stiet op it tredde plak mei 15 punten en Anton Schotanus is fjirde mei 14 punten.