Sven Kramer wint yn Berlyn

10 mrt 2012 - 17:17

Sven Kramer hat sneontemiddei yn Berlyn mei oermacht de lêste wrâldbekerwedstriid reedriden oer fiif kilometer wûn. Mei in tiid fan 6.14.68 bleau Kramer syn rivaal Bob de Jong mei goed trije tellen foar. De einoerwinning yn it klassemint fan de wrâldbeker giet wol nei De Jong.

Jorrit Bergsma stelde teloar op syn 5 kilometer. Hy moast belies jaan tsjin ploechgenoat Bob de Jong. Bergsma waard 5e. Dat is net genoch om him te pleatsen foar it WK ôfstannen op de 5 km. Yn stee fan Bergsma ferskynt Jan Blokhuijsen oan de start yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)