161 fazanten yn Fûgelhelling

10 okt 2002 - 00:00

De Fûgelhelling yn Oerterp sit op it stuit mei 161 fazanten yn 'e mage. De fûgels binne yllegaal fokt foar de jacht en troch de AID nei Oerterp brocht. Se binne slim fertutearze.

Wat der mei de bisten barre sil is noch net wis. Nei alle gedachten moatte se allegear ôfmakke wurde. Justysje sil noch foar it wykein útslútsel jaan oer wat der barre moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)