Utstalling oer moaiste bouwurken

10 okt 2002 - 00:00

Foto's en tekeningen fan de moaiste Fryske bouwurken binne nije wike yn it Snitser stedhûs te sjen. De reizgjende útstalling lit de arsjitektuer sjen fan 2000 en 2001. Earder wie de eksposysje yn Drachten te sjen en yn desimber komt it wurk yn it Ljouwerter Frysk Museum.

Besikers kinne har miening oer de arsjitektuer jaan fia ynternet of in stimkaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)