Azc De Gordyk earst fan 'e baan
De plannen fan de gemeente Opsterlân foar in nij azc op De Gordyk binne foarearst fan de baan. Yn in brief oan it coa freegje B&W fan Opsterlân mear dúdlikens oer de needsaak fan in nij azc.
De gemeente is al aardich fier mei de proseduere, mar wol no earst wite hokker konsekwinsjes it nije Ryksbelied hat op de opfang fan asylsikers.