Jonge (16) ûnder kantele trekker

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge út Oerterp is tiisdei ferwûne rekke by in ûngefal op in bedriuw yn Sigerswâld, doe't er dwaande wie mei in trekker. Dy kantele doe't de jonge der in swier ding mei fuortslepe woe.
De jonge kaam ûnder de trekker telâne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De feilichheidskoai siet net op 'e trekker, doe't dy kantele.