Ljouwerter militêren by útfeart
Inkele hûnderten militêren fan de fleanbasis Ljouwert sille ynset wurde by de útfeart fan prins Claus nije wike tiisdei. De militêren sille ynset wurde by de befeiliging fan de rûte.
De roustoet moat mei-elkoar sa'n 15 kilometer ôflizze. Foar de befeiliging fan dat trajekt wurde tûzenen minsken ynset. Fryslân moat ek 55 plysjes leverje.