Begraffenis prins Claus tiisdei

07 okt 2002 - 00:00

Prins Claus wurdt oare wike tiisdei begroeven. Hy wurdt byset yn it grêf fan de Oranje's yn Delft. De útfeart is live op tillevyzje. Dat jildt ek foar de tocht fan de likewein, no tiisdei, fan Huis ten Bosch nei Noordeinde.

Foarearst binne der gjin plannen foar it útjaan fan in munt of postsegel. It Dútske berteplak fan Claus, Hitzacker, sil syn kuerpark nei him neame.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)