Fryske ûnderwizers yn Kasjoebië

© Omrop Fryslân
In Fryske ûnderwiisdelegaasje hat de ôfrûne wike yn de Poalske regio Kasjoebië praat oer twataligens. It gie foaral om it ynbringen fan de eigen taal yn it ûnderwiisprogramma.
Lykas Fryslân hat Kasjoebië, flakby de stêd Gdansk, in eigen taal. Pas sûnt ein jierren '80 wurdt der wurke oan de posysje fan dy taal yn it ûnderwiis. De groep Friezen hat ek Lech Walesa moete.