Krityk VNO-NCW op Ljouwert

© Omrop Fryslân
Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW hat krityk op de gemeente Ljouwert en har opstelling tsjin oer subsidiearre banen. Ljouwert lûkt har bygelyks neat oan fan de fakatuerestop dy't ynsteld is troch steatssekretaris Rutte.
Neffens Haerkens fan VNO-NCW hat Ljouwert te min dien om minsken mei in subsidiearre baan trochstreame te litten nei in fêste en betelle baan.