FNP: klacht oer aaisykjen ynlûke

© Omrop Fryslân
Europeesk kommissaris Wallström moat har klacht tsjin it Nederlânske regear oer it ljipaai-sykjen ynlûke. Dat skriuwt de FNP-steatefraksje yn in brief oan de eurokommissaris.
Wallström wol dat Nederlân it aaisykjen oan bannen leit, om't it yn striid wêze soe mei de Europeeske Fûgelrjochtline. De FNP wiist op de neisoarch en kulturele betsjutting.