Menaam sûnder tsjerkespits

04 okt 2002 - 00:00

Menaam sit op it stuit sûnder tsjerkespits. In grutte kraan hat it ding der freed ôfteakele foar in grutte ûnderhâldsbeurt. De spits ferkeart yn tige minne steat.

It opknappen kostet 640.000 euro. Der is noch in gat fan 50.000 euro yn de begrutting. Ynwenners fan Menaam krije meikoarten in akseptgiro yn de bus dêr't se jild mei oermeitsje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)