Sanearing Flyhors stillein
De sanearing fan it militêre oefenterrein De Flyhors op Flylân is stillein oant takom maitiid. De Waad- feriening makke beswier tsjin de wurksumheden om't yn septimber en oktober de fûgeltrek geande is.
Troch in konflikt mei de oannimmer hat Definsje de sanearing ek al earder tydlik stillein. Fanwege it hege wetter kinne se takom jier pas wer fierder.