Wylde otter werom yn Fryslân

04 okt 2002 - 00:00

Foar it earst yn sechstjin jier is in wylde otter sjoen yn Fryslân. It bist swom yn natuergebiet De Rottige Meenthe. Hy is mei fiif oaren útset yn De Weerribben en op eigen krêft nei it oangrinzgjende Rottige Meenthe taset.

De otters, dy't oarspronklik út Letlân komme, wurde folge troch ûndersikers. Saakkundigen binne op 't stuit yn Letlân om noch mear otters op te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)