Feiligens fleanfjilden oanskerpe

© Omrop Fryslân
Oplettendheid fan de Ljouwerter sakeman Jeroen Korthuis hat der foar soarge dat de feiligensmaatregels op de Nederlânske fleanfjilden bot oanskerpe binne. Ofrûne freed lâne hy mei syn sportfleantúch op Rotterdam Airport.
Korthuis koe him sa oanslute by in groep toeristen dy't in passazjiers- fleantúch ynstappe soe. Hy hat syn ûnderfinings bekend makke yn de media.