Barbieklean fan beppe yn museum

03 okt 2002 - 00:00

De selsmakke Barbieklean fan Sieuwke Houtsma-Van der Meer wurde útstald yn De Verzamelplaats fan it Frysk Museum yn Ljouwert. De bernsbern ha alle klean sammele dy't beppe yn fyftjin jier tiid foar de tsien beppesizzers makke hat.

Te sjen binne 44 Barbiepoppen en noch folle mear klean. Beppe makke ek klean foar Action Man om't har manlike beppesizzers ek wol ris wat ha woenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)