Wiersma wol Herben wer werom

© Omrop Fryslân
Foarsitter Wiersma fan LPF-Fryslân fynt dat Mat Herben wer sa gau mooglik foarsitter wurde moat fan de Twadde Keamerfraksje. De hjoeddeiske foarsitter Wijnschenk moat fan Wiersma werom nei de 'achterste keamerbankjes'.
De regiobestjoeren fan 'e LPF sille it kommende wykein prate oer de krisis yn 'e partij. Lykas LPF-Fryslân is ek LPF-Grinslân ûntefreden oer Wijnschenk.