Moard op 'e Jouwer oplost

02 okt 2002 - 00:00

De moard op in Srilankeeske man en frou op 'e Jouwer is oplost. Undersyk fan de plysje hat befêstige dat de 32-jierrige man earst de frou om it libben brocht hat en dêrnei himsels tekoart dien hat.

De man wie noch mar koartlyn út Sri Lanka oerkommen om by syn famylje te wêzen. Hy koe der net oer dat syn frou in relaasje hie mei in oar. Dat rûn op 24 septimber út op in 'crime passionel'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)