Oanlis Heak om Ljouwert begûn

10 mrt 2012 - 15:58

Mei it ferpleatsen fan in relaishúske fan 36.000 kilogram swier is sneon offisjeel begûn mei de oanlis fan de westlike rûnwei Heak om Ljouwert, De operaasje is nedich om romte te meitsjen foar de oanlis fan in akwadukt dat de nije rûnwei mei it sintrum fan Ljouwert ferbine moat. It húske krijt in pear meter fierderop in nij plak oan it spoar.

Troch de grutte takelput is der dit wykein gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert, Snits en Harns. De treinreizgers wurde op dy rûtes mei de bus ferfierd. De nije wei moat oer twa jier klear wêze.

Trefwurden: 
spoar Heak om Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)