Soarch oer ferdwinen WIW-banen

© Omrop Fryslân
De gemeenten yn noardeast-Fryslân skriuwe in brief oan it regear om har soarch út te sprekken oer it ferdwinen fan subsidearre banen. Wethâlder Appel- hof fan Dongeradiel hat dat ôfpraat mei syn kollega's yn Achtkarspelen, Dantumadiel en Kollumerlân.
De fjouwer gemeenten sitte yn oer it ferdwinen fan bygelyks de WIW-banen. De regio is sosjaal al swak, fine se.