Jeugd Dokkum út boat set

01 okt 2002 - 00:00

De boat dêr't de Dokkumer jeugd tahâldt mei sûnt tiisdei net mear brûkt wurde. Omwenners hienen klage oer oerlêst. De gemeente hat de 25 jongeren op strjitte set. Se ha de boat krekt foar 10.000 euro oanpast oan feilichheidseasken fan de brânwacht.

De jongeren binne in hantekenaksje begûn om de boat wer iepen te krijen. Oars sykje se in oar lisplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)