Koch wint Wike fan it Lânskip

01 okt 2002 - 00:00

Keunstner Siete Koch fan Warkum hat earste priis wûn by de keramykeksposysje yn de Warkumerwaard. Dy waard organisearre troch it Fryske Gea fanwege De Wike fan it Lânskip.

Seis keunstners hiene wurk ynlevere, ynspirearre troch de natuer. It publyk koe dêrfan de moaiste útkieze. Nei telling die bliken dat it objekt fan Koch de measte stimmen hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)