Nije partij foar it Noarden

30 sep 2002 - 00:00

Der komt in nije noardlike partij dy't him ynsette wol foar autonomy foar de trije noardlike provinsjes. Oanlieding is de miljoenenota dy't der foar it Noarden net geunstich útsjocht.

Fryslân, Grinslân en Drinte binne bang dat it kabinet Balkenende ôfspraken út it ferline net neikomme sil. De partij soe takom jier al meidwaan moatte oan de steateferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)