Klok Wetterpoarte moat foarrinne

© Omrop Fryslân
De klok fan de Wetterpoarte yn Snits wurdt makke. Begjin desimber is klokkemakker Robert van der Werf klear. De Snitsers sille dan sjen kinne hoe't de klok fiif minuten foarrint. Want sa heart it.
It is ûntstien yn de tiid dat de poarte nachts ticht gie. It foarrinnen fan de klok joech de Snitsers de kâns om krekt op 'e tiid de stêd yn te kommen.