Man swaait mei swurd

29 sep 2002 - 00:00

In man fan 28 jier út Ljouwert hat sneontenacht in frou fan 43 út deselde stêd ferwûne mei in swurd. De twa hienen earder dy jûn spul hân. De man swaaide mei in swurd nei de holle fan de frou. Doe't se har warde krige se in djippe snij yn de hân.

De frou is nei it sikehûs brocht. De man is oanhâlden en wurdt nije wike foarlaat oan de offisier fan justysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)