Van Beek pakt baanrekôr Witty

10 mrt 2012 - 15:40

Reedrydster Lotte van Beek fan It Hearrenfean hat sneon mei grutte oermacht de oerwinning pakt op de 1000 meter by it NK ôfstannen foar neo-senioaren yn Breda. Mei har tiid fan 1.19.49 ferbettere de 20-jierrige rydster fan Team Liga it baanrekôr fan de Amerikaanse Chris Witty. Dat stie sûnt 2005 op 1.20.52. Janine Smit, freed kampioen op de 500 meter, waard twadde.

Ferline wike ferbettere Van Beek by de Holland Cup-finale ek al it baanrekôr yn Deventer op de 1000 meter. Dat stie sûnt 2000 op namme fan har trainster Marianne Timmer.

By de manlju gong de winst nei Lucas van Alphen fan It Hearrenfean. Hy wûn yn in tiid fan 1.12.37. It sulver wie foar Maurice Vriend, tredde waard Lieuwe Mulder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)