Dirk-Jan Derksen op 'e bank
Cambuur-spits Dirk-Jan Derksen stiet tsjin Dordrecht net yn 'e basis, omdat er net yn foarm is. Cambuur spilet sûnder twadde spits, Durmusoglu spilet as oanfallende middenfjilder. Angelo Marta debutearret yn kompetysjeferbân as sintrale ferdediger.
Beide ploegen moatte winne. Cambuur hat noch mar seis punten, Dordrecht noch mar ien.