Rederij nei Europeesk Hôf

De Spathoek © ANP
Rederij EVT fan Skylge stapt nei it Europeesk Hôf. Se wolle sa besykje ynkoarten dochs mei it nije skip farre te kinnen tusken Harns en Skylge.
Minister Schultz van Haegen wiisde freed de konsesje foar de feartsjinsten nei de Waadeilânnen definityf ta oan de rederijen Doeksen en Wagenborg. Dêrtroch fisket de EVT achter it net. Dochs is de direksje fan de Eigen Veerdienst Terschelling fan plan om ein maart út te farren mei it nije skip De Spathoek. Tagelyk stapt de EVT nei it Europeesk Hôf om beswier te meitsjen.
De EVT fynt de termyn fan fyftjin jier foar in konsesje net earlik. Yn it VARA-televyzjeprogramma De Ombudsman kundigen opposysjepartijen freedterjûn oan keamerfragen te stellen oer de kwestje. Sy fine dat it Ryk de nije feartsjinst fan de eilanners tefolle tsjinwurket.