Snits: gjin fraude akwadukt

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits bestriidt dat de gemeente him net oan de Europeeske regeljouwing hâlde soe by de bou fan it akwadukt ûnder de Houkesleat. It Financieel Dagblad skriuwt dat it ingenieurswurk fan yn totaal 8,5 ton euro fier boppe de noarm is.
Neffens de gemeente wurde de ferkearde bedraggen opteld. De kosten fan de úteinlike opdracht lizze ûnder de noarm.