Fergunning proefboarjen jildich
De fergunning oan de NAM foar de proefboarrings yn de Waadsee bliuwt jildich. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert yn it berop dat de Waadferiening yntsjinne hie, bepaald.
De Waadferiening mient dat de fergunning yn striid is mei de Europeeske easken foar natuerbehear. De fergunning waard koartlyn ôfjûn troch it ministearje fan Ekonomyske Saken.