Ungelok op Drachtster Plein

© Omrop Fryslân
By in ûngefal op it Drachtsterplein yn Ljouwert is in automobilist ferwûne rekke. Syn wein kaam troch noch ûndúdlike oarsaak yn botsing mei in oare auto. Dizze auto wie efkes earder stellen.
De fertochte fan 'e dieverij is nei de oanriding útnaaid en is noch spoarloos. De plysje stelt in ûndersyk yn. It ferkear rint fertraging op.