Oenema wis fan WK ôfstannen

Thijsje Oenema (awfoto.nl) © awfoto.nl
Thijsje Oenema hat by de wrâldbekerfinale yn Berlyn in ticket bemachtige foar de 500 meter op it WK ôfstannen yn Thialf. Oenema einige sneon mei in tiid fan 38,33 op it 6e plak en wie dêrmei de rapste Nederlânse. De winst gong nei de Sinese Jing Yu, dy't ek de einoerwinning op har namme skreau. Margot Boer einige yn it einklassemint op it 4e plak, folge troch Oenema dy't 5e waard.
De WK-tickets op de 500 m. binne no allegear fersein. Margot Boer wie ferline wike al wis fan in plak. It tredde ticket is foar Laurine van Riessen.
By de manlju wie it goud op de twadde 500 meter ferrassend foar Michel Mulder. Mei syn tiid fan 35,01 bleau er Olympysk kampioen Tae-Bum Mo út Súd-Koreä 0,03 sekonden foar. It brûns wie foar Jan Smeekens. Jesper Hospes fan It Hearrenfean einige op it 14e plak mei in tiid fan 35,38. De einoerwinning yn it wrâldbekerklassemint op de 500 meter is foar Tae-Bum Mo. Bêste Nederlanner is Jan Smeekens op it fjirde plak.
By it WK ôstannen sille Michel Mulder, Jan Smeekens en Ronald Mulder oan de start ferskine op de 500 meter. It WK wurdt fan 22 oant 25 maart ferriden yn Thialf.