Ferkeap bernepostsegels los

© Omrop Fryslân
Bern fan mar leafst 469 basisskoallen yn Fryslân binne woansdei útein set mei de jierlikse bernepostsegelaksje. Bern fan groep 8 geane by de doarren del om de segels te ferkeapjen. It tema fan 'e postsegels is dit jier 'Kind en Kleur'. De opbringst giet nei projekten foar kwetsbere bern.
Yn 2001 waard yn Fryslân foar 480.000 euro oan bernepostsegels ferkocht.